Springe nei ynhâld

Palestrina

Ut Wikipedy
Palestrina
Image
Emblemen
Image               Image
Bestjoer
Lânflagge fan Itaalje Itaalje
regioImage Latium
provinsjemetropolitane stêd Rome
Sifers
Ynwennertal22.136 (31.07.2025)[1]
Oerflak47,02 km²
Hichte450 m
Oar
Postkoade00036
Koördinaten41°50' N 12°54' E
Offisjele webside
www.comune.palestrina.rm.it
Kaart
Palestrina (Itaalje)
Palestrina
Kaart
Image
Lokaasje Palestrina yn 'e provinsje Rome.

Palestrina is in stêd yn Itaalje op 25 km eastlik fan 'e haadstêd Rome.

Palestrina stie yn âlde tiden bekend as Praeneste, in wichtige stêd oan 'e dyk troch Latium hinne nei Kampaanje. Rike prinslike grêven út it begjin fan 'e 7e iuw f.Kr. tsjûgje fan it belang fan 'e stêd en har nauwe kontakten mei Etruerje en Grikelân. Praeneste wie lid fan 'e Latynske Liga en ferbûn him al yn 499 f.Kr. mei it Romeinske Ryk.

Image
Fortuna-hillichdom.

Under Romeinsk bewâld folge in nije ekonomyske bloei, om't Praeneste bekend waard om syn produksje fan fersierde brûnzen objekten. Ut archeologyske fynsten docht bliken dat de 1e iuw f.Kr. in perioade wie fan in soad bouaktiviteiten. De wichtichste fynst wie it hillichdom foar Fortuna, dat om 80 f.Kr. hinne boud waard en yn 'e Twadde Wrâldkriich by in allieard offinsyf yn 1944 nei in swier bombardemint wer ûntdutsen waard.

Yn 82 f.Kr. waard Praeneste beset troch de adoptearre soan fan Marius en waard dêrnei ferovere troch Sulla, dy't de stêd strafte troch der in feteranekoloanje fan te meitsjen. Under keizer Tibearius krige de stêd lykwols syn status as municipium werom.

Yn 'e 8e iuw wie Palestrina ferbûn mei de Tsjerklike Steat. De stêd waard foar it grutste part fan 'e midsiuwen troch de famylje Colonna bestjoerd, dy't yn 1043 de kontrôle oer de stêd krige. Lange tiid wie de famylje yn konflikt mei de Tsjerklike Steat. Bonifatius VIII ferovere Palestrina yn 1297 en liet de fersterkingen sljochtsje, en pas nei't Klemins V yn 1307 paus waard, krige de famylje it rjocht om wer fersterkingen op te bouwen.

Yn 1311 wie Palestrina it plak fan in moeting tusken Sciarra Colonna, Hindrik VII en oare Ghibellinen yn 'e striid om 'e macht yn Itaalje. Yn 1350 en 1352 waard Palestrina fersterke troch Stefan Colonna tsjin Cola di Rienzo. Yn 'e folgjende iuw stie Palestrina alle belegeringen, mar yn 1437 foel de stêd nei in belegering troch kardinaal Giovanni Vitelleschi, dy't de stêd plondere en yn 'e brân stiek. Yn 1448 folge de werbou fan 'e stêd. De stêd waard plondere yn 1527 en beset troch de hartoch fan Alba yn 1556.

Yn 1630 ferkocht de famylje Colonna de stêd oan 'e famylje Barberini, nei alle gedachten wie de ferkeap in ûnderdiel fan 'e betingsten fan it houlik tusken Taddeo Barberini en Anna Colonna. De famylje stie bekend om it nepotisme en ûnder lieding fan Maffeo Barberini (de lettere paus Urbanus VIII) waard de stêd as in selsstasnnich foarstedom bestjoerd.

Palestrina wie yn 1849 it toaniel fan striid tusken Garibaldi en it Napolitaanske leger by de ferdigening fan 'e Romeinse Republyk.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard it stedssintrum ferneatige troch alliearde bombardeminten.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: