Springe nei ynhâld

Spinnaker

Ut Wikipedy
Image
De boat Bear of Britain, mei in spinnaker.

In spinnaker is ien fan de mûglike seilen fan in sylboat.

In Spinnaker is in fleanend foarseil. Dat bestut dat oars as by in fok, dy't fêstsit oan de foarstaach en oan in skoat, in fleanend foarseil allinich oan in heech punt fan de mêst fêstsit, en dan op ien punt mei in skoat. Dat binne mar twa punten, dat de wyn is nedich en hâld it foarsyl teplak.

By in spinnnaker wurdt it seil bûten de ferstaging hyst, dat der in fleanend seil fòàr de boat hinget. It tredde punt wurdt mei teplak hâlden troch in spinnakerbeam. Lykwols is dy oan de boppenwynske kant, dat at de wyn tefolle fan de oar kant komt, dan moat de oare skoat brûkt wurde as de funksjonearrende skoat. Dêrmei wurdt al oanjûn dat in spinnaker symmetrysk snijd is, wat fral betsjut dat dy foar de wyn brûkt wurdt; as de wyn tefolle fan de side ynkomt, is it seil net iepen te hâlden, dat dan hat it hysen fan in spinnnaker gjin doel. Al kin in gennaker brûkt wurde: in seil dat net symmetryks is, en dêrtroch tichter by healwyn noch brûkt wurde kin.

Oft by wedstriidsylen in spinnaker brûkt wurde mei, hinget ôf fan it lân den de klasse fan de sylboat.