Springe nei ynhâld

Kaen

Ut Wikipedy
Kaen
Image
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
ûnderklasse:moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse:nijkakigen (Neognathae)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
sûnder rang:mosk- en pappegaai-eftigen
   (Psittacopasserae)
skift:moskeftigen (Passeriformes)
sûnder rang:sjongfûgeleftigen (Eupasseres)
ûnderskift:sjongfûgels (Passeri)
sûnder rang:echte sjongfûgels (Euoscines)
tuskenskift:krie-eftigen (Corvides)
boppefamylje:echte krie-eftigen (Corvoidea)
famylje:kriefûgels (Corvidae)
ûnderfamylje:echte kriefûgels (Corvinae)
skaai:kaen (Coloeus)
Kaup, 1829

Kaen (Coloeus) is in fûgelskaai út de famylje kriefûgels (Corvidae). Earder hie it skaai mar ien soarte, dy't meast by it skaai krieën Corvus yndield waard. De typesoarte fan it skaai is de ka.

Kaen binne lytser as krieën of roeken en ha lingte fan 34 oant 39 sm en in spanwiidte fan 67 oant 64 m. Se weagje tusken 200 en 250 gram en dêrmei binne se ien fan 'e lytsere leden yn 'e famylje kriefûgels.

Oer it generaal binne de fûgels swart mei grize of ljochte parten (nekke, búk of kraach, ôfhinklik fan 'e soarte). Se ha in relatyf rûne kop mei in skrander oansjen; by de ka (C. monedula) falt it ljochte each bot op. De sturt is koart en hoekich. Se ha koarte, stevige snaffels.

Kaen binne nijsgjirrige fûgels en meie graach ûndersykje en leare. Se ha in sterk groepsgedrach, foarmje koloanjes en binne ek bûten de briedtiid yn kloften aktyf. Se ha in repertoir fan hege ropjes, bekend is it koarte “ka”-lûd.

Earder waarden kaen yn it skaai Corvus set as Corvus monedula. Dêrby waarden de westlike en eastlike foarmen (monedula en dauuricus) as ien soarte beskôge (mei ferskillende ûndersoarten). Letter ûndersyk toande oan dat der op basis fan morfology, fersprieding en genetyske gegevens twa dúdlike linen binne en dêrom wurde der twa soarten erkend.

Net elkenien folget de konklúzjes fan it ûndersyk en dêrfandinne komme de soarten noch faak as Corvus monedula en Corvus dauuricus foar.

It skaai telt twa soarten:

OfbyldWittenskiplike nammeFryske nammeFerspriedingIUCN-status/Trend
ImageColoeus monedulakaEuropa, dielen fan West-Aazjenet bedrige
stabyl[1]
ImageColoeus dauuricusDauryske kaSina, Súdeast-Ruslân, Mongoaljenet bedrige
stabyl[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: