Malmedy
| Malmedy | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Provinsje | Luik | |
| Arrondissemint | Verviers | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 12.991 (2025) | |
| Oerflak | 100,37 km² | |
| Befolkingsticht. | 129,44 ynw./km² | |
| Hichte | 345 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 648 (om de abdij hinne) | |
| Postkoade | 4960 | |
| Netnûmer | 080 | |
| Offisjele webside | ||
| www.malmedy.be | ||
| Kaart | ||
Malmedy (Waalsk: Måmdey, Dútsk: ferâldere: Malmünd) is in stêd yn 'e Belgyske provinsje Luik. De stêd leit op it plak dêr't de Warchenne útmûnet yn 'e Warche. Malmedy hat goed 12.000 ynwenners. Fan âlds eart Malmedy ta it wengebiet fan 'e Dútsktalige minderheid yn Belgje, mar it makket gjin ûnderdiel út fan 'e bestjoerlike Dútsktalige Mienskip.
Toponimy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Malmedy is nei alle gedachten fan Gallo-Romeinske oarsprong. De âldste fermelding fan 'e abdij fan Malmedy stamt út it jier 670 as monasterio Malmundario. Lettere farianten wiene: Malmedie (1287), Malmundier (1288), Malmonder (1367), Melmender (1388), Malmeder (1451).
Sûnt dy tiid waard it plak yn it lokale dialekt Malmder neamd, wat úteinlik feroare yn Måmdey. De autoriteiten brûkten de namme Malmedy, lykas yn Stavelot-Malmedy.
Under ynfloed fan it Dútske nasjonalisme waard it plak nei de Prusyske anneksaasje yn 1815 omdoopt ta Malmünd (ek wol Malmünde). Fan 'e weromstuint begûnen se yn it Frânske taalgebiet Malmédy (mei in skerpteken) te skriuwen. Beide aksinten binne karakteristyk foar de respektivelike talen en holden in dúdlike oanspraak op 'e identiteit fan it plak yn, ek al wiene it gjin histoaryske nammen. Yn 1988 waard de offisjele namme wer sûnder skerpteken fêststeld: Malmedy.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Malmedy ûntstie om de abdij hinne dy't yn 648 stifte waard troch Remaklus. Kening Sigebert III van Austraasje skonk dêrfoar boskgrûnen út de keninklike domeinen en ek syn hofmeier Grimoald stipe de abdij. Dy trije persoanen sieten yn 'e selde tiid ek efter de stifting fan 'e twillingabdij yn Stavelot. It Abdijfoarstedom Stavelot-Malmedy waard in steat yn it Hillige Roomske Ryk. Oars as Stavelot hearde Malmedy by it Karfoarstedom Keulen. It lei tichtby de Germaansk-Romaanske taalgrins, mar hat nei alle gedachten altiten in Romaansktalige mearderheid hân.
Prusysk bestjoer en ferdútsing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nei de Frânske anneksaasje fan 'e Súdlike Nederlannen yn 1795 hearde Malmedy by it departemint Ourthe. It Kongres fan Wenen wiisde de Eastkantons yn 1815 lykwols ta oan it Keninkryk Prusen. De stêd waard doe ûnderdiel fan it distrikt Malmedy yn 'e Rynprovinsje.
Wylst kening Freark Willem IV fan Prusen noch ferklearre grutsk te wêzen dat in Frânsktalich lantsje ta syn ryk hearde, kaam it letter ta in anty-katolike Kulturkampf. Yn 1876 waard it Dútsk de iennichste offisjele taal. It krewearjen om Malmedy te ferdútskjen bestie ûnder oare troch de ynfiering fan Dútskstalich ûnderwiis en de nammeferoaring nei Malmünd. It ferset tsjin 'e ferdútsking waard laat troch Nicolas Pietkin, in pastoar út Malmedy dy't temûk yn it Frânsk en it Waalsk preke.
De Wrâldoarloggen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de Konferinsje fan Versailles tsjinne Malmedy – dat doe seistûzen ynwenners hie en libbe fan papiermûnen en learloaierijen – in fersyk yn om by Belgje foege te wurden. Dat inisjatyf kaam fan Henri Bragard en krige de stipe fan 10 fan 'e 16 gemeenteriedsleden. Nei't it Ferdrach fan Versailles Eupen-Malmedy oan Belgje tawiisde, waard in oergongsbestjoer ynsteld (it Regear-Baltia). Dat bestjoer organisearre in stjoerd referindum om de oansluting te befêstigjen. Yn 'e skoallen ferfong it Frânsk it Dútsk as ûnderwiistaal.
Dochs wie der ek yn it foaral Waalske Malmedy in Dútsksinnich kamp dat tsjin de oansluting wie, stimulearre troch de anty-Versailles-retoryk fan Adolf Hitler. De Heimatbund wie dêr aktyf en yn 1935 stifte Josef Dehottay út Malmedy it nasionaalsosjalistyske Heimattreue Front.

Doe't Malmedy oan it begjin fan 'e Dúytske ynvaazje fan Belgje yn 1940 troch de Dútske troepen ynnommen waard, ferwolkommen in soad ynwenners de Dútsers. De sosjalistyske boargemaster Joseph Werson waard yn july deportearre en stoar yn it konsintraasjekamp Oranienburg. Al earder, op 23 maaie, wiene de eastlike kantons by it Tredde Ryk ynlive en krigen de ynwenners de Dútske nasjonaliteit, mei as gefolch dat de manlju fan Malmedy tsjinstplichtich waarden yn 'e Wehrmacht. It Place Albert I waard omdoopt ta it Adolf-Hitler-Platz en wie regelmjittich it dekôr foar nazy-parades.
De stêd waard yn septimber 1944 befrijd, mar it swierste oarlochsgeweld moast doe noch komme. By it Ardinnenoffinsyf deaden Dútske SS'ers op 17 desimber 1944 tsientallen Amerikaanske kriigsfinzenen. Op 21 desimber 1944 fûn de Slach om Malmedy plak; de Panzerbrigade 150 fan Otto Skorzeny besocht de stêd wer yn te nimmen, mar de Amerikanen sloegen de oanfal ôf. Tusken 23 en 25 desimber 1944 bombardearren de Amerikanen Malmedy. De bombardeminten feroarsaken 202 deaden ûnder de ynwenners en mear as hûndert deade Amerikaanske militêren. It stedssintrum lei yn pún en de helte fan 'e 1.600 huzen wie ûnbewenber woarn.
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de offisjele taaltelling yn Malmedy soe it oandiel Dútskstaligen tusken 1920 en 1947 tebekgien wêze fan 21% nei 9,7%. By it fêstlizzen fan 'e taalgrins tusken 1961-1963 waard bepaald dat Malmedy ta it Frânske taalgebiet heart, mar fasiliteiten leveret foar Dútskstaligen.
De gemeente wurdt rekkene ta de Eastkantons, mar heart net by de Dútsktalige Mienskip (dêr't de taal yn it offisjele ferkear Dútsk is). Wol is yn Malmedy de 'Sintrale tsjinst foar Dútske oersetting' fan 'e FOD Ynlânske Saken fêstige.
Kearnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dielgemeenten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| # | Namme | Oerflak/km² | Ynwenners (2025) | Ynwenners/km² | NIS-koade |
|---|---|---|---|---|---|
| 1 | Malmedy | 6,44 | 6.532 | 1.015 | 63049A |
| 2 | Bévercé | 66,87 | 4.599 | 69 | 63049B |
| 3 | Bellevaux-Ligneuville | 27,06 | 1.859 | 69 | 63049C |
Oare kearnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it grûngebiet fan dizze trije dielgemeenten lizze mear as 30 doarpen en buorskippen.
Malmedy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Bellevaux-Ligneuville[bewurkje seksje | boarne bewurkje] |
Bévercé[bewurkje seksje | boarne bewurkje] |
Demografyske ûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Befolkingsûntwikkeling foar de fúzje:
| Jier | 1930 | 1947 | 1961 | 1970 | 1976 |
|---|---|---|---|---|---|
| Ynwennertal | 5.321 | 5.391 | 6.355 | 6.464 | 6.276 |
| Groei | — | +1,3% | +17,9% | +1,7% | -2,9% |
Boarnen: NIS; Opmerking: 1930 oant en mei 1970 = folkstellingen, 1976 = ynwennertal op 31 desimber.
Befolkingsûntwikkeling fan de fúzjegemeente:
| Jier | 1930 | 1947 | 1961 | 1970 | 1981 | 1990 | 2000 | 2010 | 2020 | 2025 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwennertal | 8.052 | 8.212 | 9.262 | 9.777 | 10.036 | 10.275 | 11.144 | 12.161 | 12.797 | 12.991 |
| Groei | — | +2,0% | +12,8% | +5,6% | +2,6% | +2,4% | +8,5% | +9,1% | +5,2% | +1,5% |
<small<Boarnen: NIS; Opmerking: 1930 oant en mei 1981 = folkstellingen; 1990 en letter = ynwennertal op 1 jannewaris. De histoaryske gegevens hawwe betrekking op 'e hjoeddeiske gemeente, ynklusyf dielgemeenten.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- De Katedraal fan Malmedy
- De Abdij fan Malmedy
- De Opstanningskapel (Chapelle de la Résurrection) - in klassisistysk bouwurk út 1755-1757.
- De Kapel Us-Leaffrou-fan-de-Siken (Chapelle Notre-Dame des Malades) - werboud yn 1554. Oan 'e ein fan in epidemy waard yn 1741 der in Marijebyld set. Sûnt dy tiid is de kapel it plak fan in beafeart. De kapel waard restaurearre yn 1908 en 2001.
- De Klûzerij fan Sint-Antonius
- It Malmundarium, in museum yn 'e abdij dat oer it ferline en de kultuer fan 'e stêd ynformearret.
Gea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Malmedy leit yn 'e delling fan 'e Warche. Wat súdwestlik fan 'e beboude kom is de Rocher de Falize, in oerhingjende rots fan wêr't in moai útsicht oer de delling fan 'e Warche bean wurdt.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dizze side is foar in part in oersetting fan 'e Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Malmedy
|
