Springe nei ynhâld

Batenburg

Ut Wikipedy
Batenburg
Sicht op Batenburg
Sicht op Batenburg
Emblemen
Image               Image
Bestjoer
LânImage Nederlân
provinsjeImage Gelderlân
gemeenteImage Wijchen
Sifers
Ynwennertal670 (2024)[1]
Oerflak7,95 km²
- lân 7,34 km²
- wetter 0,61 km²
Oar
Koördinaten51°49' N 5°37'E
Kaart
Batenburg (Gelderlân)
Batenburg

Batenburg is in lyts stedsje yn it Lân fan Maas en Waal yn 'e Gelderske gemeente Wijchen. It stedsje leit westlik fan it plak Wijchen fuort oan 'e Maas. Alhoewol't Batenburg mar lyts is, is it ien fan 'e âldste stedsjes fan Gelderlân. It histoaryske Batenburg is mei de kastielruïne beskerme stedsgesicht.

Njonken de ruïne binne der in soad histoaryske, fral wite pleatskes te sjen en is it plakje twa tsjerken ryk. Krekt bûten it doarp stiet de standermûne fan Batenburg.

Batenburg krige yn 1349 stedsrjochten, alhoewol't oannommen wurdt dat it stedsje dy om it jier 1000 ek al krigen hie. Batenburg waard bestjoerd troch de ynfloedrike hearen fan Batenburg, dy't allinnich oan 'e Roomsk-Dútske keizer ûnderhearrich wiene en dus net oan 'e hartoch fan Gelre of Brabân. Hja bouden in kastiel om 1250 hinne, dat sûnt de Frânske tiid in ruïne is. De hearen fan Batenburg bestjoerden harren Geldersk besit op ôfstân; de lêsten wiene de foarsten fan Fan Bentheim-Steinfurt.

Image
It kastiel yn 1732 foar de ferneatiging yn 1794.

Fan 'e midsiuwen oant it begjin fan 'e 17e iuw hie Batenburg it rjocht om eigen munten te slaan. Dy munten waarden rûnom yn Europa neimakke en hiene gjin goede reputaasje fanwegen de minne kwaliteit. Eartiids waarden falskemunters libben yn 'e oalje sean en dat barde ek yn 1434 mei de muntmaster fan Batenburg dy't mei it gehalte omgriemd hie. Nei alle gedachten waard by dy eksekúsje allinne de holle yn 'e tsjettel mei sierende oalje treaun. Dy tsjettel hong altiten oan 'e Waach yn Dimter, mar wurdt sûnt 2017 yn it foarportaal fan 'e Waach toant. De gatten yn 'e tsjettel binne feroarsake troch kûgels fan soldaten yn 'e Frânse tiid. It slaan fan munten waard yn 1581 al ferbean, mar gyng noch troch oant 1622. Maksimiliaan fan Bronckhorst-Batenburg-Steyn wie de lêste hear mei in eigen munt.

Batenburg moat eartiids folle grutter west ha as hjoed-de-dei en hie twa stedspoarten. De stêd waard yn 'e 14e of 15e iuw troch in grutte stedsbrân troffen en it ferneatige part waard nea werboud. Yn 'e Tachtichjierrige Kriich waard it plak fannijs troffen troch brân. Yn 'e 19e iuw wiene de fûneminten fan 'e Appelternske poarte te sjen as nei heechwetter de grûn losspielde. it is ûnbekend wêr't de Maaspoarte stien hat.

Image
Tsjerkestrjitte.

Op 'e hoeke fan 'e Grotestraat/Kruisstraat leit in reade graniten gerjochtsstien, dêr't oant likernôch 1800 de deadskiste fan ferstoarne persoanen oan bûn waarden dy't skulden neilieten. De begraffenis fûn net earder plak nei't de skulden ôflost wiene. Ek oare straffen waarden dêr útfierd, lykas it oan 'e kaak stellen fan froulju foar rabberij. De stien lei earder midden op it krúspunt.

Yn 'e Frânske tiid waard Batenburg in gemeente en dat bleau sa oant 1 jannewaris 1984, doe't Batenburg by de gemeente Wijchen yndield waard. De gemeente Wijchen fiert it stedswapen fan Batenburg.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • It stedsje hat in moai histoarysk sintrum mei karakteristike gevels en in âld strjittepatroan.
  • De ruïne fan it kastiel fan Batenburg is it midsiuwsk kastiel dat yn 1794 troch de Frânsen yn 'e brân stutsen waard.
  • De âlde Sint-Fiktortsjerke wie foar de Tachtichjierrige Kriich grutter en sûnt 1443 in kapitteltsjerke. It is no de protestantske tsjerke fan it plak.
  • De neogoatyske Sint-Fiktortsjerke is in monumint út 1875.
  • Eastlik fan it doarp stiet de mûne fan Batenburg, in 18e-iuwske standermûne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dit artikel is foar in part of hielendal in oersetting fan [:nl:Batenburg]