Springe nei ynhâld

Nederlânsk Ferbûn fan Fakferieningen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan NVV)
Image
Ledetallen, 1909-1930

It Nederlânsk Ferbûn fan Fakferieningen (Nederlands Verbond van Vakverenigingen, NVV) wie in faksintrale, dy't 1 jannewaris 1906 oprjochte waard troch fyftjin fakbûnen. It NVV gie 1977 tegearre mei it NKV op yn de FNV.

It NVV wie part fan de sosjalistyske pylder. De oprjochting fan de NVV is fuortkommen út de spoarstakingen fan 1903. Earste foarsitter wie Henri Polak, teffens foarsitter fan de Algemiene Nederlânske Diamantbewurkersbûn. Yn de Twadde Wrâldkriich waard de NVV foar trije jier opheft en waarden de besittingen en fermogens oernaam troch de nije fakbeweging Nederlands Arbeidsfront, dy't neffens Dútsk model opset wie. Henk Woudenberg, dy't fan 1940 oant 1942 foarsitter fan de NVV wie, krige de lieding oer it Nederlânsk Arbeidsfront.

Foarsitters NVV

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  Perioade  FotoFoarsitterOpmerkingen
1906-1909ImageHenri Polak
1909-1918ImageJan Oudegeest
1918-1928Roelof Stenhuis
1928-1940Evert Kupers
1940-1942Henk Woudenberg
1945-1949Evert Kuipers
1949-1956Henk Oosterhuis
1956-1959Kees van Wingerden
1959-1965Derk Roemers
1965-1971ImageAndré Kloos
1971-1972ImageHarry ter Heide
1972-1976ImageWim Kokwie oant 1986 foarsitter fan de Federaasje Nederlânske Fakbeweging (FNV)