Braderup
| Braderup / Braarep | ||
| Lokaasje fan 'e gemeente Braderup (read) yn Noard-Fryslân. | ||
| Symboal | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Kreis | Noard-Fryslân | |
| Amt | Südtondern | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 674 (31.12.2024)[1] | |
| Oerflak | 13,35 km² | |
| Befolkingsticht. | 50 ynw./km² | |
| Hichte | 4 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 1330 (foar it earst neamd) | |
| Postkoade | 25923 | |
| Offisjele webside | ||
| www.amt-suedtondern.de | ||
| Kaart | ||
Braderup (Noardfrysk: Braarep; Deensk: Brarup) is in plak yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente makket diel út fan it amt Südtondern en hat 674 ynwenners (2024).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De plaknamme Braderup waard foar it earst yn it jier 1330 dokumintearre. De namme betsjut sa't it liket 'doarp oan 'e skeante' of 'oan 'e râne', fan it Alddeenske bra foar in skeante of helling en -up foar doarp of delsetting.
Oant de Dútsk-Deenske Kriich fan 1864 hearde it plak by it hartochdom Sleeswyk, dat in lien fan it keninkryk Denemark wie. Bestjoerlik foel it tsjerkedoarp yn it Tønder amt.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De goatyske tsjerke is tige bepalend foar it doarpsbyld en datearret oarspronklik út 1240. It koer krige nei alle gedachten yn 'e 15e iuw in nij ferwulft. De dakken fan it skip en it sealtek fan 'e toer binne dutsen mei reade pannen. It gebou docht wat oansjen oanbelanget earder tinken oan in Deenske as oan in Dútske tsjerke. It doopfont fan Gotlânske kalkstien is it âldste keunstwurk yn 'e tsjerke. It barokke alter en klankboerd fan 'e âldere preekstoel binne 17e-iuwsk.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
